Spits tsjerketoer Menaam makke

© Omrop Fryslân
De spits fan de tsjerketoer fan Menaam sil takom wike woansdei wer op de toer pleatst wurde. De spits is der yn septimber ôfhelle foar restauraasje. It houtwurk moast ferfongen wurde en de leien en wjerljochtôflieding binne fernijd.
De restauraasje fan de toer hat no goed trijekwart jier duorre. Dêrby is it mitselwurk yn de toer hersteld en in houten omloop oanbrocht.