Suterige winst Jong It Fean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat de thúswedstriid tsjin Jong Sparta moandeitejûn mei 2-0 wûn. Op Sportpark Skoatterwâld waard it healwei de earste helte 1-0 troch in goal fan sintrale ferdediger Jens Jurn Streutker. Fan wjerskanten wie der in protte balferlies en dêrom bleau it spannend. Arsenio Valpoort soarge yn de 79e minút foar de beslissende 2-0.
Domper op de winst wie it útfallen fan keeper Kenny Steppe. De Belch klapte troch syn ankel en kin de safolste blessuere yn it pompeblêdeshirt byskriuwe.