Faaks ekstra foarstellings Lear

© Omrop Fryslân
Fan it Tryaterstik Kening Lear komme mooglik ekstra foarstellings. Dat seit kampanjelieder Wolter Lommerde yn reaksje op de grutte belangstelling fan hûnderten minsken dy't de lêste dagen noch telefoanysk kaarten keapje wolle by De Lawei yn Drachten.
De Lawei kin de grutte drokte net mear oan. It tal telefoanlinen is útwreide, mar dochs krije in soad minsken gjin kontakt. Tryater ferwiist minsken no troch nei de reservearline yn Flevolân.