Konkurrearjende dakleazekranten

27 maaie 2003 - 00:00

Yn Ljouwert is in fûle konkurrinsjestriid geande tusken twa dakleazekranten. Hieltyd faker draait it út op slaande rûzje tusken de konkurrearjende ferkeapers.

It giet om de offisjele dakleazekrante de Riepe en it krantsje mei de namme Het Daklozenwoord. Dat is in Belgysk nepkrantsje dat op aggressive wize oan 'e man brocht wurdt troch yllegalen út it Eastblok, sa sizze de meiwurkers fan de Riepe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)