Toeristen dupearre troch NNBT

27 maaie 2003 - 00:00

Inkelde tûzenen toeristen binne foar yn totaal 450.000 euro dupearre troch it fallissemint fan it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme, it NNBT. De toeristen hawwe boekt fia de boekingssintrale fan it NNBT.

Der is gjin garânsjefûns foar de reizgers. Nei alle gedachten krije se har jild net werom en giet har fakânsje net troch. In mooglikheid is noch dat in part fan de fakânsjeboekingssintrale oernaam wurdt troch it buro fan Oerisel

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)