Deadlik ûngemak by Marrum

By in oanriding op de Ljouwerterdyk by Marrum is moandei in 71-jierrige fytser út Marrum om it libben kaam. Hy waard skept troch de auto fan in 29-jierrige ynwenner fan Marrum by in fytsoerstekplak. Nei alle gedchten hat de fytser de auto net oankommen sjoen.
De traumahelikopter is ek noch ynset. It slachtoffer wie lykwols net te rêden.