PvdA: 'garnalefiskers stypje'

27 maaie 2003 - 00:00

De provinsje moat mei it ministearje fan ekonomyske saken prate oer help foar de garnalefiskers. De steatefraksje fan de PvdA tinkt sa foar te kommen dat tal fan garnalefiskers fallyt geane.

Troch de minne ekonomy en de boete dy't de kartelplysje NMA de fiskers oplein hat, driigje tal fan fiskers oer de kop te gean. De PvdA wol dat de provinsje in garânsjefûns ynstelt om sa boarch te stean foar mooglike ferliezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)