Fjoerwurkbedriuw Ljouwert ticht

27 maaie 2003 - 00:00

JNS Pyrotechnyk slút op syn lêst 1 maart 2004 de doarren. It Ljouwerter fjoerwurkbedriuw moat by it FEC wei fanwegen nije regels. In ferhuzing nei de Kollumerwaard, sa't it ryk foarstelt, wol it bedriuw net om't it te fier fan alle foarsjenningen ôf is. Oare opsjes yn 'e buert binne der net en dêrom slút it bedriuw.

Acht wurknimmers komme op strjitte te stean. JNS Pyrotechnyk siet sûnt 1895 op de lokaasje by it FEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)