Wer stekpartij yn De Marwei

26 maaie 2003 - 00:00

In finzene fan De Marwei yn Ljouwert hat snein in oare finzene delstutsen mei in skjirre. De twa hiene earder op de dei spul hân. Doe't it skoft wie waard it slachtoffer fiif kear stutsen. De man is nei it sikehûs oerbrocht.

De skjirre dy't de fertochte brûkte, kaam út de romte fan kreative terapy. It is ûndúdlik hoe't er der oan kaam. Earder dit jier waard in meiwurkster fan De Marwei troch in detinearde yn de terapyromte deastutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)