SC Hearrenfean - RBC: 6-0

© Omrop Fryslân
De wedstriid SC Hearrenfean - RBC Roosendaal is sneintemiddei einige yn 6-0. Al yn de earste minút nei de ôftraap skoarde Mika Nurmela de 1-0. Yn de rin fan de wedstriid folgen dus noch 5 doelpunten, ûnder oare twa fan John de Jong.
Dizze útslach betsjut dat Hearrenfean noch yn de race is foar dielname oan de UEFA Cup. De ploech is fan in 8e nei in 7e plak klommen. Hearrenfean moat nije wike noch tsjin Ajax spylje.