Noch 4 Friezen yn Olympia's Tour

© Omrop Fryslân
De achtste etappe yn Olympia's Tour (156 km fan Mierlo nei Buchten) waard sneontejûn wûn troch Stef Clement. Eelke van der Wal fan Holwert fytste wer goed mei en bliuwt yn de top 10 fan it algemien klassemint.
Yn it klassemint bliuwt Joost Posthuma de lieder. Eelke is achtste op 59 tellen fan de oranje trui. Op it stuit dogge der noch 4 Friezen mei. Njonken V.d. Wal binne dat Folkert de Haan, Sieger Haakma en Maint Berkenbosch.