'Aksje coa is minske-ûntearjend'

25 maaie 2003 - 00:00

De aksje fan it coa om it asylsikerssintrum yn Kollum oerhastich te sluten, ropt wjerstân op. Minsken hearre ûnferwachts en twa dagen fan te foaren dat se fuort moatte. Foar in soad bern fan it azc komt de ferhuzing yn de lêste wiken fan it skoaljier.

Direkteur Van Dellen fan de Cazemierskoalle yn Kollum is lilk. Sy neamt de ferhuzing 'minske-ûntearjend' en is fan doel har beklach te dwaan by it coa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)