Fryske Gea hat mear grûn kocht

24 maaie 2003 - 00:00

It Fryske Gea hat der ferline jier hast 170 hektare oan natuerterrein bykocht. Dat docht bliken út it jierferslach oer 2002. It giet ûnder oare om grûn yn it Alddjip, Noard-Fryslân bûtendyks en de Slachtedyk. It Gea hat hast 19.000 ha.

It Gea en de Fûgelbeskerming wolle dat der mear reiddompen yn de Makkumerwaard ferbliuwe. No binne dat mar trije briedpearkes. Der sille reiddomp- freonlike plakken ynrjochte wurde mei ûndjip wetter en mear beskutting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)