Grinzer stipe foar FNP-senator

24 maaie 2003 - 00:00

Grinslân sil FNP'er Hendrik ten Hoeve stypje as kandidaat-senator foar de Earste Keamer. Op de ledegearkomste fan de FNP yn Wurdum waard freed bekend makke dat de Grinzer Partij voor het Noorden besletten hat Ten Hoeve te stypjen.

De kânsen foar Ten Hoeve foar dat senatorskip binne mei de Grinzer stipe sterk tanommen. De provinsjale steaten yn it hiele lân kieze moandei de nije Earste-Keamerleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)