Nij beslút sâltwinning nedich

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel moat op 'e nij in beslút nimme oer sâltwinning by Easterbierrum en Tsjummearum. In earder beslút fan de gemeenteried om gjin frijstelling te jaan foar it bouwen fan twa saneamde putkelders by de beide doarpen is op ferkearde grûnen nommen.
Dat hat bliken dien nei beswierskriften fan sâltfabryk Frisia yn Harns. Dy hat de putkelders nedich om op nije plakken nei sâlt boarje te kinnen. Op 5 juny moat de gemeenteried der wer oer gear.