Lyklema snapt boete KNVB net

23 maaie 2003 - 00:00

Fuotbalferiening Harkemase Boys falt neat te ferwiten as it giet om de fjochtpartijen op 10 maaie nei ôfrin fan 'e wedstriid tsjin Quick Boys. Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen sei tongersdei yn 'e gemeenteried dat de Harkemase Boys der alles oan dien ha om ûnregelmjittichheden foar te kommen.

Lyklema begrypt net wêrom't de KNVB de Harrekiten in straf oplein hat. Lyklema is ree om de klub as tsjûge te helpen by in heger berop tsjin de straf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)