Wykferiening djip yn skulden

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits hat it betrouwen opsein yn it bestjoer fan de wykferiening Lemmerweg-Oost. De feriening joech subsydzjes út oan oare saken as ôfpraat wie mei de gemeente en hat foar 15.000 euro skulden makke.
Enerzjybedriuw Essent krijt dêrfan allinnich al 11.000 euro. De skulden stiene net yn de boeken en ek tsjin de gemeente waard sein dat alles yn oarder wie. De gemeente docht gjin oanjefte, mar freget wol in pear tûzen euro werom.