Lichem fûn yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It lichem fan in 56-jierrige man út Minnertsgea is tongersdeitejûn fûn yn it wetter fan de Noardersingel yn Ljouwert. De man waard sûnt it ôfrûne wykein fermist. It lichem waard ûntdutsen troch trije famkes dy't in roeiwedstriid hâlden.
Se seagen wat driuwen en warskôgen in pear minsken op 'e wâl. De man is nei alle gedachten troch ferdrinking om it libben kaam. Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw.