TBC by Drachtster konstatearre

22 maaie 2003 - 00:00

By in 23-jierrige man út Drachten is TBC konstatearre. De GGD sil freed mei de man om 'e tafel om te ynventarisearjen mei wa't er kontakt hân hat. Dy minsken sille allegear op TBC ûndersocht wurde. Dat kin in grut ûndersyk wurde om't de man in leeftyd hat dat er yn kroegen en disko's komt.

Ofrûne tiisdei waard der by in swalker yn Ljouwert ek al TBC konstatearre. Der bestiet gjin ferbân tusken beide besmettings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)