Gjin nij kontrakt foar Samardzic

© Omrop Fryslân
Hearrenfean sil it kontrakt mei Radoslav Samardzic net ferlinge. De spits út Servië kaam foarich seizoen werom by Hearrenfean dêr't er tusken 1997 en 1999 ek al spile hie. De gearwurking befoel lykwols net sa goed dat Hearrenfean de spiler in nij kontrakt foarlizze woe.
Samardzic spile nei 1999 foar Feyenoord en RKC. Ek Niels Kokmeijer sil takom seizoen net mear foar 't Fean spylje. Beide spilers kamen amper yn aksje.