Man ferdronken yn jarrekolk

22 maaie 2003 - 00:00

De plysje hat tongersdei in 77-jierrige man út Burgum dea oatroffen yn de jarrekolk efter syn wenning. Nei alle gedachten wie de man op wei nei it húske. Dêrby rûn er oer de houten flonders fan de kelder.

Ien fan dy flonders bruts midstwa en dêrtroch foel de man yn de kelder. Hy wie net by machte om dêr wer út te kommen en is ferdronken. De brânwacht hat it stoflik omskot fan de man út de kelder helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)