TBS en twangferpleging oplein

© Omrop Fryslân
De 20-jierrige man dy't in meiwurkster fan finzenis De Marwei yn Ljouwert om it libben brocht hat, is feroardiele ta TBS mei twangferpleging. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei útsprutsen. Neffens de rjochter hat de man op 20 jannewaris it slachtoffer doelfêst mei in hammer op de holle slein en dêrnei mei in guts delstutsen.
Neffens saakkundigen wie de man dy dei net tarekkeningsfetber. De dieder moat sa gau mooglik opnommen wurde.