Autoleaze snein yn Ljouwert

22 maaie 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert organisearret dit jier wer in autoleaze snein. It is foar it fyfde jier achter elkoar dat de gemeente soks docht.

It sintrum fan de stêd is op snein 21 septimber folslein ôfsletten foar motorisearre ferkear. Nei alle gedachten jildt dat fan njoggen oere moarns oant fiif oere middeis. Fierders wurde der yn de binnenstêd eveneminten organisearre. Dy ha allegear wat te krijen mei it tema miljeu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)