Van Buren ek yn swier waar

© Omrop Fryslân
Famyljebedriuw Van Buren yn Ljouwert hat útstel fan beteljen oanfrege. It bedriuw yn de hûdehannel sit yn swier waar. Hospes fan de CNV hat tiisdei mei de direksje en wurknimmers, mei elkoar 35 minsken, praat oer de sitewaasje.
It bedriuw út 1861 makket fan hûden fan slachterijen produkten foar learbedriuwen. Dy brûke dat foar skuon en klean. Neffens Hospes is de drege merk fan hûdferwurkingsbedriuwen de oarsaak fan de problemen.