Dekkers wint fjirde etappe

© Omrop Fryslân
Hans Dekkers fan de Rabobankploech hat woansdei de fjirde etappe fan Olympia's toer wûn. It wie de langste etappe, fan Hoorn nei Veendam, oer 217 kilometer. Dekkers wie de rapste fan in kopgroep mei deryn trije Friezen: Eelke van der Wal, Germ van der Burg en Sieger Haakma.
Eelke van der Wal fan Holwert is de bêste Fries. Hy stiet njoggende yn it algemien klassement op 22 sekonden fan lieder Dekkers. Tongersdei is de etappe Nieuwleusden - Groesbeek (158 km).