Noch gjin cao foar 'Oranjewoud'
Kommende moanne komt der noch gjin cao foar de wurknimmers fan yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean. De fakbûnen binne dizze wike lilk en teloarsteld fuortrûn út in petear mei de direksje fan Oranjewoud.
Oranjewoud woe inkeld prate oer de fierdere proseduere fan de ûnderhannelingen. It CNV, FNV en de Unie tochten dat de direksje mei in leanbod komme soe. Pas oer trije wiken prate de partijen wer mei elkoar.