Minder brânstof yn transport

21 maaie 2003 - 00:00

Twa Fryske transportbedriuwen dogge mei oan in projekt om brânstof te besparjen. It projekt Blik op brandstof giet út fan de branzje-organisaasje Transport en Logistiek. Doel is minder brânstof te brûken. Dat besparret jild en it is goed foar it miljeu.

Dielnimmers krije oardel jier advys oer hoe't se besparje kinne. Foar Fryslân dogge transportbedriuwen Oenema fan It Hearrenfean en Boonstra fan Haulerwyk mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)