Beatrix op besite by militêren

20 maaie 2003 - 00:00

Keninginne Beatrix wie tiisdei yn Fryslân. Se besocht it militêre oefenterrein yn it Lauwersmargebiet, Marnehuzen. Se waard ynformearre oer it wurk fan de Luchtmobiele Brigade. Dy makket diel út fan de ISAF-fredesmacht. De ynternasjonale militêren helpe yn Afganistan.

Yn it spesjaal foar de militêren boude doarp krige de keninginne ferskillende demonstraasjes te sjen. Se hat likernôch twa oeren west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)