Boek oer einekoai Ternaard

© Omrop Fryslân
De 350-jierrige skiednis fan de einekoai fan Ternaard is yn in boek beskreaun. Gerard Mast hat it boek skreaun yn opdracht fan it Ministearje fan Lânbou.
Der binne net folle koaikers mear yn Fryslân. Yn in einekoai waarden earder wylde einen fongen om op te iten. De einekoai fan Ternaard wurdt ncoh altyd brûkt. It boek is tiisdei yn it stêdhûs fan Dokkum oanbean oan koaiker Herman ten Klooster.