Grut Lankum wurdt ferboud

20 maaie 2003 - 00:00

Grut Lankum yn Frjentsjer wurdt ferboud. In lytse trijehûndert psychiatrysk pasjinten kinne der dan wenje. Foar acht miljoen euro wurdt it terrein oanpakt. Der komme twa nije gebouwen by.

Nij is de ôfdieling foar pasjinten dy't mei justysje te krijen hân ha. Nei de ferbouwing ha de pasjinten mear wenromte. Yn in nij gebou komt plak foar tritich âldere pasjinten. De sân gebouwen yn it sintrum wurde ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)