Oanpak kriminaliteit moat oars

20 maaie 2003 - 00:00

De riedsleden fan Achtkarspelen binne net tefreden oer de oanpak fan de kriminaliteit en it geweld yn 'e gemeente. Dat docht bliken út in enkête. Fierders binne de riedsleden it net iens mei hoe't de gemeente mei minsken dy't om in wente sykje, omgiet. It gemeentlik belied datoangeande moat oars.

Hast alle fraksjes yn Achtkarspelen hawwe de enkête ynfold. Allinne de FNP die net mei om prinsipjele redenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)