Munysje op plak brânwachtkazerne

20 maaie 2003 - 00:00

De bou fan de nije brânwachtkazerne yn Frjentsjer is ferline wike stillein omdat der munysje út de Twadde Wrâldoarloch fûn is. Dêrby is ien fan 'e patroanen nei alle gedachten yn de bak fan in kraan ûntploft. De Explosieven Opruimings Dienst (EOD) hat de munysje ûnskealik makke. Yn de oarloch stie op it bouplak in Dútse bunker. Moandei waard de earste peal slein. De nije kazerne achter it gemeentehûs moat yn novimber klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)