Beweechbere drompels feilich

20 maaie 2003 - 00:00

De beweechbere ferkearsdrompels op Skylge wurde net ferbean. Twa organisaasjes fan motorriders hiene om in ferbod frege, om't motorriders troch de drompels lansearre wurde soene. Neffens ferkearsminister De Boer binne de drompels feilich, as se goed ôfsteld binne.

De drompel komt omheech, as der te hurd riden wurdt. De beweechbere drompels lizze by Baaidunen en Hoarne. De gemeente hat noch gjin klachten krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)