Dekkers liedt Olympia's Tour

© Omrop Fryslân
Hans Dekkers fan 'e Rabobankploech is de nije lieder yn 'e Olympia's Tour. Hy wûn moandei de etappe fan Hoogerheide nei Wateringen oer krapoan 160 kilometer. Yn it peloton sieten ek de Friezen Germ van der Burg, Folkert de Haan en Eelke van der Wal.
Van der Wal út Holwert stiet op it achtste plak, Van der Burg út Folsgeare alfde en Fries-om-utens Folkert de Haan 22e. Tiisdeis is de tredde etappe fan Wateringen nei Hoorn.