Katipana fan Cambuur nei Haarlem

© Omrop Fryslân
Ferdinand Katipana ferlit oan de ein fan it seizoen SC Cambuur. Hy hat in ienjierrich kontrakt tekene by Haarlem. Katipana hie ek by Cambuur bliuwe kinnen, mar hat foar Haarlem keazen omdat dat tichter by syn wenplak Wijk bij Duurstede leit.
Katipana woe net ferhúzje. Katipana spile ein seizoen foar Cambuur. Hy makke foar de Ljouwerters oant no ta 7 doelpunten. Hy wie hierd fan FC Utrecht.