Rôze pompeblêd foar Stavenga

20 maaie 2003 - 00:00

Dûmny Stavenga, foarsitster fan 'e Rie fan Tsjerken yn Fryslân, krige moandei yn Ljouwert it rôze pompeblêd. Dat is in priis foar in persoan dy't him ynset foar de ferbettering fan 'e posysje fan homo's yn Fryslân. Stavenga hat in soad dien foar de akseptaasje fan homo's en lesbiënnes yn 'e tsjerken.

Frou Stavenga krige de priis yn de foarm fan in broche by de start fan 'e rôze wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)