Protest tsjin fjoerwurkopslach

19 maaie 2003 - 00:00

De komst fan in fjoerwurkopslach yn Ljouwert soarget foar protesten. Yn in loads op yndustryterrein De Hemrik soe mei Ald en Nij tsientûzen kilo konsumintefjoerwurk opslein en ferkocht wurde moatte. Undernimmers yn de omkriten wolle protest oantekenje.

Neffens eigner Hans Jansen foldocht de loads oan alle easken en kin der neat barre. Hy hat al tsientûzenen euro ynvesteard yn it gebou. Allinnich mei de jierwiksel komt der fjoerwurk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)