Ferdûbeling Waldwei tichterby

19 maaie 2003 - 00:00

Takom jier moat lang om let begûn wurde mei de ferdûbeling fan it lêste stik Waldwei. Rykswettersteat hat moandei bekendmakke dat der noch twa kombinaasjes fan boubedriuwen yn de race binne om it projekt út te fieren.

Yn de simmer wurdt bekend wa't de oarder krijt. It konsortsium dat de Wâldwei ferdûbelet, moat ek garant stean foar it ûnderhâld fan de nije dyk. It wurk oan de Wâldwei sil fiif jier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)