Ferlies foar Nijlân 1 gemengd

© Omrop Fryslân
It earste gemengde tennisteam fan Nijlân liket it swarte skiep fan poule 9 fan 'e lanlike tenniskompetysje te wurden. Foar de fjirde kear dit seizoen hawwe se snein ferlearn. Op eigen park moasten de Ljouwerters DLTC út Deventer foargean litte mei 2-6. Nijlân spilet takom snein it degradaasjeduel tsjin Haaksbergen.
DLTC Drachten spile snein gelyk yn 'e lanlike twadde klasse gemengd tsjin Brederode Santpoort.