Friezen heech yn Olympia's Tour

19 maaie 2003 - 00:00

Nei de prolooch en de earste etappe yn 'e 51e Olympia's Tour stean twa Friezen heech yn it algemien klassemint. Lieder is de Belch Sébastien Rosseler. Eelke van der Wal út Holwert is achtste op 9 tellen fan 'e lieder. Germ van der Brug fan Folsgeare stiet op it alfde plak. Syn achterstân is 16 sekonden.

Moandei is de twadde etappe fan Hoogerheide nei Wateringen oer krapoan 160 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)