Heechspanning op Himelfeartsdei

© Omrop Fryslân
Heech stiet mei Himelfeartsdei wer fol Heechspanning. Foar de alfde kear wurdt it strjitfestival hâlden. Neist teater is der muzyk fan ûnder oare Adri de Boer en it Ljouwerter Smartlappekoar. De Grupo de Capoeira Nelson Mandela bringt Braziljaanske ritmes, dûns, muzyk en in symboalysk stokkegefjocht.
De skoallen dogge mei oan De Familietas on Tour, in projekt fan bydzjend keunstner Geertje Tjalma. It festival duorret fan 13.00 oant 01.00 oere.