Frieslab bliuwt noch twa jier

It projekt Frieslab giet yn elts gefal noch twa jier langer troch. Dat hat steatssekretaris Veldhuijzen van Zanten witte litten. Frieslab is in projektorganisaasje dy't yn opdracht fan it ministearje fan folkssûnens knipepunten yn de Fryske soarch ûndersiket. It projekt is al trije jier geande.
Ien fan de saken dy't Frieslab konstatearre hat, is dat ferskate organisaasjes yn de soarch better mei-inoar gearwurkje kinne.
Steatssikretaris Veldhuijzen van Zanten tinkt dat der noch winst te heljen falt yn de gearwurking tusken soarchfersekerder en gemeenten en út bettere soarch yn krimpgebieten lykas Noardeast-Fryslân.