Rêstige wedstriid Harkemase Boys

17 maaie 2003 - 00:00

De plysje hoegde sneon net yn aksje te kommen by de fuotbalwedstriid fan Harkemase Boys tsjin Huizen. De Friezen spilen mei 2-2 lyk. Der wie ekstra plysje om nije rellen foar te kommen nei't supporters ferline wike by de wedstriid tsjin Quick Boys mei elkoar op 'e fûst gienen.

Nije wike wurdt it wer spannend as de Friezen nei Katwyk reizgje. De fans fan Harkemase Boys sille der wol hinne. Der binne op 'e nij feilichheidsmaatregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)