Alde films te sjen op It Fean

17 maaie 2003 - 00:00

De earste filmbylden wienen yn 1896 yn Fryslân te sjen. Christiaan Slieker fan It Hearrenfean toande de bylden. In útstalling yn it Willem van Haren museum op It Hearrenfean, dy't sneon iepene is, giet oer dy bioskoopfilms. Slieker reizge mei in tinte en in kinematograaf de merken lâns.

Yn 1910 kaam der in bioskoop op it Hearrenfean. Dy seal is neiboud yn it museum. Der wurde films út it begjin fan de tweintichtse ieu draaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)