Fryslân pakt fiskstreupers oan

© Omrop Fryslân
By in mienskiplike aksje fan de algemiene ynspeksjetsjinst AID en de plysje binne yn Fryslân 163 netten fan fiskstreupers yn beslach naam. Mei-elkoar binne der 20 boetes útdield oan fiskers dy't sûnder akte fisken. Ek tal fan Rally-fiskers binne op 'e bon gien.
De plysje sil fan takom wike ôf op 'e nij strang kontrolearje op streuperij. Dan begjint yn Fryslân it snoekbearsseizoen.