Cambuur wer sûnder punten

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed op 'e nij ferlern. Yn Ljouwert wûn Emmen mei 1-2, al hie in lykspul fertsjinne west. Der foel foar de krapoan 4000 taskôgers net al te folle te genietsjen. De beide tsjingoals waarden Emmen kado dien.
Yn de 13e minút koe Sibum mei frij maklik skot doelman Hoegee ferrasse. Bruin makke flak foar rêst noch 1-1. De twadde goal fan Emmen kaam fan Johan Abma dy't keihurd yn eigen goal skeat nei in misferstân mei Heldens.