Ferwûnen by brân yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in brân yn in wenhûs oan it Hoeksterplein yn Ljouwert hawwe freed trije minsken swiere brânwûnen oprûn. De trije sieten yn de wenkeamer doe't yn de wenning in eksploazje wie. Sy koene ûntsnappe troch út it raam te springen.
Alle trije slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. In leechsteand hûs neist de wente is ek folslein útbrând. De skea wurdt rûsd op trije ton.