Ofdieling Fryske plysje nei Swol

16 maaie 2003 - 00:00

De automatisearringsôfdieling fan de plysje Fryslân ferhuzet nei Swolle. In grut diel fan de 20 minsken dy't no op dy ôfdieling wurket, kin mei ferhúzje nei Swolle. Se meie lykwols sels dy keuze meitsje. Kieze se net foar Swolle dan krije se in oare funksje binnen de plysje Fryslân.

Doel is mei de sintrale ôfdieling de help oan de boargers hjir te ferbetterjen. Ek is der in finansjeel foardiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)