Leanbedriuw Noppert fallyt

16 maaie 2003 - 00:00

De fakbûnen hawwe tongersdei út namme fan it personiel it fallissemint oanfrege fan it leanbedriuw Noppert yn Skarsterbrêge. Reden dêrfoar is dat it bedriuw gjin reservearrings makke hat foar fakânsjejild en oare útkearings. Dêrtroch is in skuld ûntstien fan seker 2 miljoen euro.

By it leanbedriuw Noppert wurkje mei-elkoar 200 minsken. De fakbûnen hawwe yn de rin fan nije wike oerlis mei de leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)