KNVB warskôget Quick Boys

© Omrop Fryslân
De KNVB sil Quick Boys út Katwyk ferwiderje út 'e kampioenskompetysje fan 'e sneonsamateurs, as der by folgjende wedstriden op 'e nij reboelje is mei supporters út Katwyk. Dat hat de lanlike molestaasje kommisje fan fuotbalbûn KNVB besletten.
Quick Boys moast by de KNVB op it matsje komme fanwege de fjochtpartij op 'e Harkema fan ôfrûne sneon. Dy soe ûntstien wêze omdat supporters út Katwyk Harekieten provosearden.